Hallum hat tenei wer in biblioteek: freed feestlike iepening

13 des 2019 - 07:00

Yn 2013 moast de biblioteek ticht, mar freed krijt it doarp Hallum wer in nije kâns en wurdt der in nije biblioteek iepene. Dat komt mei troch in moasje fan de PvdA yn de Twadde Keamer. Direkteur Paulien Schreuder fan Biblioteken Noard-Fryslân hat ambysje en leit de latte heech: "We hopen op 31 december 2019 meer leden te hebben dan boeken."

It Trefpunt yn Hallum - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

"Het is echt een nieuwe kans voor ons, en vooral voor Hallum en omgeving. In 2013 moest de bibliotheek sluiten, maar nu we de mogelijkheid hebben om een nieuwe bibliotheek te openen zijn we daar heel blij mee," jout Schreuder oan. Dy komt yn MFC Trefpunt oan de Singel.

Stipe fan it Ryk út

In moasje fan de PvdA hat dêrby holpen. "Eind 2017 heeft de PvdA samen met andere oppositiepartijen een motie ingediend om de witte vlekken in bibliotheekland in te vullen. Daar hebben wij op ingeschreven. We hebben voor Hallum gekozen omdat daar ook een initiatief vanuit het onderwijs tegen laaggeletterdheid was en daarnaast waren wij op zoek naar een plek voor het Digitaalhuis. Zo was 1 en 1 dus 3," leit Schreuder út.

Dêrfoar krijt Hallum wol subsydzje fan it Ryk út. "Daarom hebben we wat armslag, en tot 1 mei kunnen mensen gratis lid worden. We streven dus naar een hoop leden, we hebben er nu al 500."

Feest

Freed is de iepening fan de biblioteek, mei allerhanne feestlikheden. "We beginnen om 8.30 met voorlezen voor peuters, dan komen de kleuters en kunnen de kinderen met Tomke op de foto, we hebben voor de groepen 4, 5 en 6 en voor de groepen 7 en 8 verschillende activiteiten en later op de dag is de officiële opening. Tot slot gaat Pierre Wind nog koken vanavond."

Direkteur Paulien Schreuder fan Biblioteken Noard-Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)