Fryske wegebelesting takom jier mei 20 persint omheech

13 des 2019 - 06:29

Yn hiel Nederlân geane de tariven en de opbringsten fan de wegebelesting omheech, bygelyks troch ynflaasjekorreksje en it tanimmen fan it tal auto's. Yn Fryslân giet it takom jier lykwols in stik mear omheech. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek dy't freed bekendmakke wurde.

Foto: ANP

Tusken 2016-2019 hat de provinsje har diel fan de wegebelesting leech holden om de ekonomy yn de provinsje te stypjen. Dy perioade is nei dit jier foarby, dêrtroch giet it taryf takom jier mear omheech as yn oare provinsjes.

Foto: Omrop Fryslân

Ryk en provinsje

De motorreaubelesting is yn Nederlân opboud út twa parten: ien dat fêststeld is troch it Ryk en in part dat frege wurdt troch de provinsje, de saneamde opsinten. Dy opsinten wurde fêststeld troch in persintaazje fan it Rykstaryf te nimmen. De ôfrûne fjouwer jier wie dat persintaazje yn Fryslân sa'n 70 persint, mar takom jier sil dat goed 90 persint wêze. In eigener fan in benzinewein fan 1.200 kilo betellet dan oan opsinten 239 euro. Yn 2019 wie dat 196.

Yn dizze tabel is te sjen hoe't de opsinten fjouwer jier lyn omleech helle binne en no wer omheech geane, en hoe't dat yn ferliking mei Grinslân is:

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
CBS wegebelesting opsinten
(advertinsje)
(advertinsje)