Miste stabijhûntsjes Sem en Bo dea fûn yn in sleat

13 des 2019 - 19:21

De twa miste stabijhûnen Sem en Bo binne dea werom fûn. De hûntsjes fan Brenda van den Burg en har man Fred út Tsjummearum wiene sûnt 30 oktober wei, nei't de skodoarren fan in loads by fersin iepen stean bleaune en de hûntsjes útnaaiden yn de rjochting fan Minnertsgea.

Der waarden meardere kearen grutte syktochten opset om de hûntsjes te finen. Tongersdei binne sy werom fûn yn in sleat, op hast itselde plak dêr't twa jier lyn de stabij Yfke werom fûn waard. Dy kaam ek út deselde omkriten.

Brenda van den Burg is bot oandien troch de fynst en tinkt dat der mear oan de hân is, mei om't de halsbannen fan de hûnen fuort binne. "Ik ben boos, verdrietig en radeloos. Waarom kon diegene ze niet gewoon laten lopen?"

De twa stabijhûnen - Foto: Brenda van den Burg
Trefwurden: 
Tsjummearum mist stabijhûn
(advertinsje)
(advertinsje)