Ljouwerter Krante moaiste regionale Europeeske krante 2019

12 des 2019 - 23:03

De LC is útroppen ta de moaist foarmjûne regionale krante fan 2019 yn de ferkiezing fan de European Newspaper Award. De priis wurdt alle jierren útrikt oan lanlike, regionale en lokale kranten yn Europa. Yn totaal beseach de sjuery 178 kranten uit 25 lannen. It Portugeeske Público wûn de priis foar de bêste lanlike krante.

Haadredacteur Sander Warmerdamfan fan de LC neamt de priis "in tijden van krimpend papier een mooie opsteker." Yn it sjueryrapport wurdt benammen de ûngewoane en ferrassende fisuele presintaasje fan de foarside neamd. Neffens Warmerdam slút dit goed oan by it ferlet fan de lêzer. "Er is heel veel nieuws in de wereld en op sociale media, maar de lezer heeft behoefte aan orde en overzicht. Onze verslaggevers hebben de expertise: wat is op dat moment belangrijk, aldus Warmerdam. "Koppensnellen doe je online wel, maar de rust en de ontspanning en overzicht vinden lezers in de krant."

Foto: LC

De ferkiezing fan de European Newspaper Award bestiet sûnt 1999 en is betocht troch Norbert Küpper in krante-ûntwerper út Dútslân.

(advertinsje)
(advertinsje)