Boeren krije preemje foar hâlden fan seldsum melkfee

Boeren mei seldsume melkkij, lykas de Fryske readbûnte ko, krije fan it Ministearje fan Lânbou oer 2019 en 2020 alle jierren in preemje fan 150 euro de ko. Dat jild is beskikber steld om't ferline jier mei de ynfiering fan de fosfaatrjochten de Twadde Keamer ûngerêst wie oer de gefolgen foar de seldsume rassen.
Foar Gerben Engwerda, biologyske boer yn Tytsjerk, betsjust dat in soad ekstra jild: "Wy hawwe no seis readbûnte kij dy't we melke, mar we hawwe ek noch sa'n fjirtich Fryske swartbûnte kij. Dy binne wat minder seldsum, mar stean ek op de list fan bedrige rassen."
Foar Engwerda is it foaral in blyk fan erkenning. "Op it mêd fan biodiversiteit, dêr't we allegear de mûle fol fan hawwe, binne wy mei dizze kij goed dwaande. Dat wurdt wurdearre, ek finansjeel. Foar guon kin dat wol in beweegreden wêze om ek mei dizze rassen te wurkjen."
Ferslachjouwer Jeroen Boersma by de kij
De measte boeren wurkje mei it Amerikaanske melkras Holstein-Friesian. Dy bringe in protte mear molke op as de Fryske rassen. Dochs tinkt Engwerda dat sawol de readbûnte as de swartbûnte ko ek nijsgjirrich wêze kin foar boeren: "De Amerikaanske kij ite foaral krêftfoer, om sa goed produsearje te kinnen. Wy jouwe ús kij foaral gers, dat we fan it eigen lân helje. Dat kostet ús ek wer minder jild."
De Fryske readbûnte ko hat it al tiden dreech. Omrop Fryslân hat der earder in rige oer makke.