Topsjef Michael Roest fan Waard van Ternaard nei Waard van Dokkum

12 des 2019 - 21:01

Topsjef Michael Roest, bekend fan restaurant De Waard van Ternaard, giet takom foarjier fan start mei De Waard van Dokkum. Fjouwer Dokkumer ûndernimmers stean achter it projekt. Sy beheare hotel De Abdij, dêr't De Waard van Dokkum yn komt. Roest sil it restaurantdiel yn it hotel hiere.

Foto: Eigen foto

De Fryske topsjef út De Westereen hâldt mei yngong fan 1 jannewaris op mei syn saak yn Ternaard. Nei tolve jier sjocht er dêr gjin útdaging mear. Yn De Waard van Dokkum pakt Roest nije dingen op, lykas in wynkelder dêr't er priuwerijen hâlde wol. Mei sawat sechtich sitplakken sil De Waard van Dokkum net in soad ferskille mei De Waard van Ternaard. Fierders giet gasthear Salvatore Apuzzo ek mei nei Dokkum. Roest wol syn ambacht trochjaan oan jonge talinten dy't de keunst fan it itensieden wol yn de macht hawwe, mar dêr mear oer leare wolle.

Michael Roest groeide yn de tolve jier dat er De Waard van Ternaard hie, út ta ien fan de bêste sjefs yn it Noarden. Gastronomyresinsint Joël Broekaert fan de NRC is wakker te sprekken oer Roest syn kulinêre keunsten.

De fjouwer pleatslike ûndernimmers Jan-Michiel van der Gang, Eric Kooistra, Peter Schregardus en Hartog Ensel binne ynspirearre troch de histoarje fan Dokkum en de betsjutting fan it Marktplein dêr't De Abdij oan stiet, troch de iuwen hinne. De Waard van Dokkum komt by De Abdij yn. Dat sil ferboud wurde ta in kwalitatyf heechweardich hotel mei ynearsten sechstjin keamers en moetingsromten.

Yn de takomst moat it tal keamers nei fjirtich útwreide wurde. Dêrneist sille de niisneamde fjouwer Dokkumer ûndernimmers en Roest mei pleatslike ûndernimmers gearwurkje. Hotel De Abdij sil neist in restaurant ek tsjinje as ferbiningspunt en as briedplak brûkt wurde foar jonge ûndernimmers en foar nije inisjativen.

Michael Roest oer de plannen

(advertinsje)
(advertinsje)