Joey Veerman wol noch ien ding: syn earste doelpunt foar Hearrenfean

13 des 2019 - 18:03

It ferskil op 'e ranglist tusken SC Hearrenfean en Willem II is twa punten yn it foardiel fan de Tricolores. Foar beide ploegen jildt dat se dit seizoen boppe ferwachting prestearje. Johnny Jansen is ûnder de yndruk fan de Tilburgers, mar sil yn ferliking mei de wedstriid tsjin RKC gjin wizigings oanbringe.

"Wij spelen met dezelfde jongens en hebben geen geheimen", sa seit Jansen. "Willem II is een goede ploeg. Ze hebben voorin kwaliteit lopen en op het middenveld staan een paar echte aanjagers. Die ene jongen (Pol Llonc) die nu geschorst is bijvoorbeeld. Die is agressief, maar kan ook gewoon goed voetballen. Daar ben ik wel van gecharmeerd."

Middenfjilder Joey Veerman ferwachtet ek in moaie wedstriid: "Ik vind het lastig om te zeggen wie er gaat winnen. Wij zijn in ieder geval thuis lastig te verslaan, zo is wel gebleken. Maar Willem II won vorige week uit bij Ajax. Dat is ook wel knap."

Wachtsjen op earste doelpunt

Doe't Joey Veerman oan it begjin fan de kompetysje de oerstap makke fan Volendam nei SC Hearrenfean, like him dat hiel maklik ôf te gean. Hy wie beslissend mei assists en spile de lêste wiken hiel goede wedstriden.

Joey Veerman - Foto: www.orange-pictures.nl

Het knaagt aan me dat ik nog niet gescoord heb.

Joey Veerman

"In het begin was alles nieuw. Dan speel je wat vrijer. Nu is het misschien iets minder. Maar het is niet belangrijk dat één iemand goed speelt. Het is veel belangrijker dat we iedere week drie punten halen."

Dochs is der ien ding dat Veerman graach wol, en dat is syn allerearste doelpunt foar Hearrenfean.

"Het knaagt wel aan me dat ik nog niet gescoord hebt. Ik ben er nu ook extra op aan het trainen en dan hoop ik dat ik die bal morgen (freed, red.) in de kruising knal."

Kontraktferlinging Johnny Jansen

Dizze wike hat technysk manager Gerry Hamstra syn kontrakt ferlinge oant 2022. Der stiet al in ôfspraak om noch foar de winterstop mei Jansen om tafel te gean oer kontraktferlinging. Jansen tekene oan it begjin fan dit seizoen in ienjierrich kontrakt, mar troch de goede resultaten liket ferlinging dêrfan op in formaliteit.

"Dit is wel een goed moment om in gesprek te gaan", laket Jansen. "Maar laten we het dan de komende drie wedstrijden ook nog goed doen. Daar wordt het alleen maar mooier van. Maar het gaat over veel meer dan alleen salaris. Ik heb bepaalde ideeën over hoe ik het wil gaan doen. Een van die dingen die ik graag wil, is dat we als club een stap vooruit maken. Dat is mijn wens."

Dit is wel een goed moment om in gesprek te gaan over contractverlenging

Johnny Jansen

Doan van Hau

Doan van Hau sit freed wer by de wedstriidseleksje. Van Hau is tongersdeitemoarn weromkaam fan de Súdeast-Aziatyske Spelen. Mei twa doelpunten yn de finale tsjin Yndonezië wie Doan van Hau de grutte man. Foar it earst yn 'e skiednis hat Fjetnam op de Súdeast-Aziatyske Spelen de fuotbaltitel wûn.

"We hebben hem gefeliciteerd met zijn succes", sa seit Johnny Jansen. Van Hau is in grutte stjer yn Fjetnam, mar hy wachtet noch altiten op syn debút yn de earedifyzje. "Dan moet hij maar op de deur kloppen en laten zien dat hij in de basis hoort. Hij is nu zo'n lange periode weggeweest, vandaag weer voor het eerst meegetraind. Dat komt allemaal nog wel."

Ferwachte opstelling SC Hearrenfean:

Hahn, Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus, Faik, Kongolo, Veerman, Van Bergen, Odgaard en Ejuke

(advertinsje)
(advertinsje)