Koart pleit yn Lelystêd fan supermerken tsjin boere-aksjes

12 des 2019 - 20:10

It Sintraal buro foar Libbensmiddelenhannel (CBL) spant in koart pleit oan om boereblokkades fan supermerken foar te kommen. Boere-aksjegroep Farmers Defence Force hat dêr tongersdei in oprop foar krige. Dat is te lêzen yn in brief dy't de FDF tongersdeitejûn yn ferskate groepsapps set hat.

Foto: ANP

De oprop is rjochte oan it bestjoer fan Farmers Defence Force. FDF seit op de hichte te wêzen fan de grutte belangstelling fan de leden en dêrom hawwe sy bekend makke dat it koart pleit moandeitemoarn 16 desimber om 10:30 oere plakfine sil. Dat bart by de foarsjenningenrjochter fan de rjochtbank Midden-Nederlân yn Lelystêd.

Farmers Defence Force soe it hiel bot op priis stelle, sa docht út de brief bliken, dat de 'striders' harren stypje op 16 desimber. In delegaasje fan FDF sil nei ôfrin fan de sitting de parse te wurd stean.

(advertinsje)
(advertinsje)