Stichting Kat in Nood wreidet opfang út

Stichting Kat in Nood yn Drachtsterkompenije sil útwreidzje. De opfang foar katten groeit fan 200 nei 250 opfangplakken.
© ANP
By de stichting kinne katten telâne dy't by bygelyks by partikulieren weikomme, mar ek asilen meie katten by Kat in Nood bringe. "Wij zijn blij met de uitbreiding, maar het is wel een druppel op de gloeiende plaat gezien de wachtlijst die wij hebben", seit behearder Rixt Jellesma.
Neist in gruttere opfang komt der troch de útwreiding romte foar it sterilisearjen en kastrearjen fan ferwyldere katten. Sa wol de stichting foarkomme dat der minder wylde katten komme.