Pien Breeuwsma: "Ik wol blaasmuzyk wat stoerder meitsje"

12 des 2019 - 19:00

Fryslân en blaasmuzyk: it is in gouden kombinaasje. Spesjaal foar it jubileumkonsert fan brassband Greidebrass skreau Pien Breeuwsma it nûmer 'Heitelân' oer weromgean nei dyn Fryske roots. Ek Pien komt geregeld wer efkes thús yn har bertedoarp Aldeboarn. "Efkes in pear dagen yn retraite."

PYN - Foto: Jaap Kroon fotografie

The Cliffs of Moher fan Gurbe, Piter Wilkens syn Knoopkes of it Bûthûsbankje fan De Wiko's: do kinst wer stimme op de Fryske Top 100! Njonken de bekende nûmers sitte der faaks miskien ek wol in pear nijsgjirrige nijkommers tusken. De kommende wiken stelle wy fjouwer nije kânshawwers oan dy foar. Hjoed: 'Heitelân' fan PYN ft. Greidebrass.

Weromgean nei dyn Fryske roots: dat is op dy wol fan tapassing.

"Kloppet. Ik kom út Aldeboarn, mar ik wenje al sân jier yn Haarlem. Dêr haw ik it konservatoarium dien en doe bin ik dêr hingjen bleaun. Mar altyd nei sa'n seis wiken yn de stêd moat ik wer efkes nei hûs ta. Efkes in pear dagen bykomme yn Aldeboarn, sadat ik der wer tsjinoan kin."

Hasto wat mei blaasmuzyk?

"Elkenien ken Aldeboarn fan de Gondelfeart, mar wy hawwe ek in hiel moai fanfarekorps yn it doarp: Concordia. Ik hie noch nea wat mei blaasmuzyk dien oant Greidebrass my frege om in nûmer te skriuwen foar harren jubileumkonsert. Dat fûn ik in hiele eare."

Spannend ek wol, dochs?

"Jaseker, hiel spannend. Ik woe perfoarst gjin standertnûmer oer Fryslân skriuwe. Dêrom haw ik socht nei artysten dy't ek wat mei blaasmuzyk dogge. Ik bin sels wyld fan Florence and the Machine, dy't blaasmuzyk wat stoerder makket. Sa bin ik úteinlik op it nûmer 'Heitelân' kaam."

En wat fûn Greidebrass derfan?

"Dy wienen gelokkich fuortendaliks entûsjast. Marco Middelberg hat it arranzjemint foar de blazers makke en doe hawwe wy it opnaam yn harren repetysjeromte yn Spannum. Myn gitaar en sang is opnaam yn de studio fan Harry Zwerver. De grutte test wie fansels op 6 april by it jubileumkonsert. Freonen, famylje en publyk, elkenien wie superposityf nei ôfrin."

No al dy stimmers op de Fryske Top 100 noch!

"Ik haw sels al efkes stimd op ús nûmer yn de Fryske Top 100. Gelokkich hat Greidebrass ek in hiel grutte achterban. Ik haw der alle fertrouwen yn dat it nûmer deryn komt. Ik stean dêr hiel posityf yn."

En dan op âldjiersdei mar ôfwachtsje...

"Der sit neat oars op. Gelokkich haw ik wat ôflieding, want ik moat âldjiersnacht draaie yn it suden fan it lân. Ik bin ek noch DJ. In alsidich muzikant.

PYN oer de Fryske top 100

(advertinsje)
(advertinsje)