Green deal is moedich, mar skjinne frachtauto stiet noch yn 'e berneskuon

12 des 2019 - 18:22

De útstjit fan it ferkear moat de kommende tritich jier mei mar leafst 90 persint ôfnimme. Dat stiet yn de doelstellings fan de woansdei presintearre Europeeske Green Deal fan Eurokommissaris Frans Timmermans. Dy eask jildt net allinnich foar privee-auto's en iepenbier ferkear, mar ek foar frachtauto's.

Foto: Pixabay, A.Beijeman

Brânsje-organisaasje Transport & Logistiek reagearret kritysk op de Europeeske Griene Ofspraak. De transportûndernimmers freegje harren ôf oft dy doelstelling fan 90 persint minder útstjit wol helber is.

"De duurzame vrachtauto staat nog in de kinderschoenen", fertelt beliedsmeiwurder Rob Aarse fan Transport & Logistiek. "Het gaat nu alleen om kleinere vrachtauto's die gebruikt worden voor het bevoorraden van binnensteden. Duurzame vrachtauto's voor internationaal vervoer zijn er nog nauwelijks."

Batterijen en wetterstof

It probleem is dat in frachtauto hiel swiere batterijen nedich hat. It opladen fan sokke batterijen nimt mear tiid as by in lúkse wein. Aarse sjocht wol wat yn in kombinaasje fan in duorsume frachtauto mei batterijen en wetterstof. "Er is veel dynamiek in de ontwikkelingen, maar helaas zijn we nog niet verder dan enkele demomodellen."

Moedich

Transport & logistiek heakket deroan ta dat se seker net tsjin de Green Deal fan Frans Timmermans binne. Aarse neamt de plannen 'moedich'. "Zo'n beleid op Europese schaal is natuurlijk veel effectiever dan voor ieder land apart. De doelstelling voor 90% geldt pas over dertig jaar. Hij lijkt nu misschien onhaalbaar, maar ik denk dat we een heel eind gaan komen."

Rob Aarse fan Transport & Logistiek oer de Europeeske Green Deal

(advertinsje)
(advertinsje)