Priis foar 'transgenderfreonlike wurkjouwer' NHL Stenden

12 des 2019 - 18:02

'Sil ik no wol of net fertelle dat ik transgender bin?' Mei dy fraach sitte in soad transgenders. It is foar harren dreech om in baan te finen, dy te behâlden en in soad transgenders ha in útkearing. Op NHL Stenden fine se it wichtich dat sy goeie begelieding krije. En dêr hat de hegeskoalle hjoed in priis foar wûn; de Transzoen.

It Transgender Netwerk Nederland rikt de Transzoen út oan bedriuwen dy't neffens harren 'transgenderfreonlik' binne. En dy erkenning is neffens NHL Stenden wichtich. "Heel veel transgenders worden heel erg gepest of soms ontslagen", seit Erica Schaper fan it skoalbestjoer. "Mensen kunnen er niet goed mee omgaan: is het nou een man of een vrouw? Ik vind het heel belangrijk dat we dat goed begeleiden en accepteren."

Erica Schaper fan NHL Stenden

Een paar neptieten en een pruik op. Toen zei ik: 'Je doet het er maar mee. Zijn er nog vragen?'

Tess Kooistra, dosint by NHL Stenden

Tess Kooistra is transgender en wurket by de NHL Stenden. Sy hat de hegeskoalle opjûn foar de priis. Doe't se noch man wie hie se de hoop om har baan te behâlden troch har transysje eins opjûn. Mar har wurkjouwer woe har net kwyt. "Ik ben toen voor de klas gaan staan, in eerste instantie als man. Aan het eind van de les heb ik gezegd: volgende week kom ik terug als vrouw. Een paar neptieten en een pruik op. Toen zei ik: 'Je doet het er maar mee. Zijn er nog vragen?' Er kwamen heel veel vragen. Die heb ik allemaal beantwoord, daarna heb ik nooit een probleem gehad. Ik vond het zo mooi. Toen hoorde ik van de Transzoen, dus ik dacht: ik geef de school op."

Transzoen - Foto: Omrop Fryslân

Ferklearring fan Dordrecht

Neist de priis hat de skoalle tegearre mei wethâlder Sjoerd Feitsma de ferklearring fan Dordrecht ûndertekene. Dêr stean 10 punten yn om troch te setten mei goed wurkjouwerskip foar transgenders. Neffens Kooistra net fanselssprekkend dat wurkjouwers foar goede begelieding soargje. Dêrom binne goeie praktykfoarbylden nedich.

"Ik zie het om me heen dat transgenders worden ontslagen, contracten niet verlengd worden, noem maar op", seit Kooistra. "Er is totaal geen zorg. Dat moet veel beter. Zo lang het nog zo is, blijf ik me inzetten. Voor mezelf is het niet meer nodig, voor anderen wel. Er moet nog zoveel gebeuren."

Tess Kooistra, transgender

(advertinsje)
(advertinsje)