HEA! Krystbeamfrou
Sinteklaas is noch mar krekt fuort, of de earste krystbeammen wurde al wer kocht. Sa ek by Minke Tiny de Vries fan Aldwâld. Minke Tiny hat jierren yn in túnsintrum en in blommesaak wurke, mar hat no in ferkeappunt fan krystbeammen en selsmakke kryststikjes oan hûs. De griene fingers hat se fan beppe.