Boeren sette donearaksje op foar lanlike aksjedei en advokaat

12 des 2019 - 17:06

Farmers Defence Force hat in donearaksje opset foar de lanlike boere-aksjedei op 18 desimber. De aksje is ûnder oare opset in goede advokaat betelje te kinnen. De teller fan de donearaksje stie tongersdeitemiddei op hast 5400 euro.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Wat der mei de rest fan it jild barre sil, is noch net bekend. Farmers Defence Force hat yn gearwurking mei Stichting Bouw in Verzet 18 desimber 'omdoopt' as lanlike aksjedei 2019. Wat der krekt op dy dei bart, wurdt nije wike woansdeitemoarn bekend makke. Neffens FDF en Stichting Bouw in Verzet is woansdei 18 desimber "de dei om josels hearre te litten of foar altyd stil te bliuwen."

UPDATE 22:17 oere

It tal donaasjes lei tongersdeitejûn om tsien oere hinne op sawat fiifhûndert. Der is no mei-inoar 15.000 euro ophelle.

(advertinsje)
(advertinsje)