"Neushoorn en Harmonie kinne net oerlibje sûnder Ryksjild"

As Den Haag gjin ekstra jild op it kleed leit, kin it in dreech ferhaal wurde foar Neushoorn en De Harmonie. Dat fynt de Ljouwerter koälysjepartij D66 nei oanlieding fan it rapport dat oer de beide kultuerynstellingen skreaun is. Yn dat rapport stiet dat de fúzje tusken De Harmonie en Neushoorn gjin nut hat, mar dat beide ynstellingen wol ekstra jild nedich hawwe om oan de doelstellingen te foldwaan.
Neushoorn
Yn de gemeenteried wie woansdeitejûn in iepen poadium oer dit ûnderwerp wêrby't alle partijen oanwêzich wiene. Beide ynstellingen soenen der neffens it rapport alle jierren in pear ton by krije moatte, mar fanwege it tekoart by de gemeente Ljouwert kin dat wolris swier kealje.
Neushoorn yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Julie Bruijnincx (D66) oer it rapport
Mirka Antolovic (PvdA)