7 op de 10 LTO-boeren wolle gjin hurdere aksjes

Minder as trije op de tsien LTO-boeren stipet hurdere aksjes yn it stikstofdebat. Dat docht bliken út in enkête fan lânbou-organisaasje LTO ûnder 5.000 leden. Wol seit 71% fan de boeren yn de enkête achter publyksfreonlike aksjes te stean.
Boeren negearje ultimatum
"Dit is wol opmerklik", seit ferslachjouwer Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân. "It liket altyd dat se it allegear mei elkoar iens binne. Mar hoe hurd meie de aksjes wêze? It grutste part fan de LTO seit no: kalm oan, we moatte de sympaty fan it publyk net ferlieze."

LTO noch yn ûnderhanneling mei regearing

LTO ûnderhannelet noch mei premier Mark Rutte en minister Carola Schouten. Ek moandei sitte se wer om tafel, seit Trienke Elshof fan LTO. "In grut diel wol ek yn ûnderhanneling bliuwe. Dus publyksfreonlike aksjes prima, mar op in letter momint." It betsjut net dat LTO de leden seit dat se takom wike net meidwaan moatte mei de aksjes fan Farmers Defence Force. "Se meie sels in kar meitsje. In tal fan ús leden sit ek by de Farmers Defence Force."
It is noch net dúdlik hoefolle boeren oft takom wike mei de aksjes meidogge. "De aksjes binne ek oankundige mei de hurde taal dy't Farmers Defence Force brûkt. Mar no moatte we noch ôfwachtsje hoefolle boeren oft echt op de trekker klimme." Hoe't de aksjes takom wike woansdei der presys útsjogge, is noch net bekend. Mooglik wol Farmers Defence Force distribúsjesintra fan supermerken blokkearje.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Utkomsten enkête

Neffens de boeren is it ynfieren fan in hegere drompelwearde fan 1 mol (14 gram) de hektare foar stikstofútstjit genôch om 90 persint fan de stikstofproblematyk op te lossen. Foar de stikstofkrisis mochten boeren 0,05 mol oan stikstof de hektare útstjitte.
Ut de enkête fan LTO docht fierder bliken dat de leden tsjin in algemiene krimp fan de feestapel binne. As der krimp nedich is, moat dat yn oerlis mei belutsen boeren. As dy net ynkrimpe wolle, mei se dêr net ta twongen wurde.

'Latinte romte moat bliuwe'

Boppedat fine de boeren dat de saneamde latinte romte bestean bliuwe moat. Boeren ha no stikstofromte. Wat se dêrfan net brûke, wol it regear bygelyks oan boubedriuwen jaan. De boeren wolle dy romte graach sels hâlde.
Fierder moat de juridyske status fan Natura 2000-gebieten tsjin it ljocht hâlden wurde, fine se. It Ryk wiist no natuergebieten oan as Natura 2000. Dêrby bepale se ek watfoar soarten beskerme wurde moatte, kwa bisten en planten. Dat betsjut dat boeren yn de omjouwing fan sa'n Natura 2000-gebiet yn de problemen komme kinne yn ferbân mei de útstjit fan stikstof.

Sympaty fan de mienskip

Aksjefiere kin, sa sizze de boeren yn de enkête, mar de sympaty fan de mienskip moat wol behâlden bliuwe. Ek moatte nije aksjes net tsjin de wet wêze.