Bewenners Huzum-West ha it hân mei Elkien: 'Klachten wurde net heard'

12 des 2019 - 16:32

Bewenners út Huzum-West binne klear mei wenningboukorperaasje Elkien. In oantal jierren lyn is begûn mei it ferduorsumjen fan sa'n 55 huzen yn de Ljouwerter wyk. Dêrby is in soad misgien, sizze de bewenners. Har klachten dêroer by Elkien wurde neffens de bewenners net heard.

Der is in grut ferskaat oan klachten. Sa hat de ien lêst fan lûdsoerlêst fan de ferwaarmingsynstallaasje, de oar seit lêst te hawwen fan de fentilaasje yn it hûs. Froukje Draaier is ien fan de bewenners dy't no yn aksje komt: "Ik weet niet waar ik moet beginnen als het gaat om klachten. Ik heb er veel. Mijn wooncomfort is er in ieder geval niet op vooruit gegaan."

Datselde jildt foar in oare bewenner. Jan Bruinewold seit bygelyks dat hy der allinnich mar op efterút gien is: "Vroeger had ik de verwarming altijd op 19 graden staan. Dan was het hier lekker en goed te doen. Ja, er was tocht, maar dat was niet erg. Nu tocht het niet meer, maar stook ik de verwarming op tot 21 graden en ik heb het koud."

'Klachten wurde net serieus naam'

De bewenners fine dat se net heard wurde troch Elkien. Neffens har wurde klachten net serieus naam. Sa seit Froukje Draaier dat se it advys krige om by lûdsoerlêst fan de waarmtepomp nachts mar te sliepen mei eardoppen yn.

Om ferhalen út te wikseljen oer de problemen dy't se ûnderfine, binne de bewenners tongersdeitejûn byinoar kaam yn buerthûs De Vluchtheuvel.

Elkien: gjin klachten bekend

De wenningboukorporaasje sels seit dat der by har gjin klachten bekend binne. Op trije nei binne se allegear ôfhannele. Dy trije wurde troch in ûnôfhinklike kommisje beoardiele. In wurdfierder fan Elkien seit iepen te stean foar oare klachten, mar dan moat der al in melding fan komme.

Byienkomst Elkien oer ferduorsumjen - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie by de gearkomste yn Huzum

Trefwurden: 
renovaasje Elkien Huzum-West
(advertinsje)
(advertinsje)