De Fryske Marren tekenet beswier oan by Ryk tsjin gaswinning by Aldlemmer

De gemeente De Fryske Marren is op gaswinning út it gasfjild by Aldlemmer tsjin. Dat hat de gemeente oan it Ryk witte litten. De gemeente ferwachtet oerlêst foar de minsken dy't yn buert wenje. Boppedat is neat regele foar de fergoeding as de winning skea opsmyt. Vermilion hat plannen foar fernijde gaswinning yn it gebiet.
De besteande boarlokaasje yn Aldlemmer, Vermilion wol dêr fierder mei gaswinning © Google Street View
Mar de risiko's fan de gaswinning komme te lizzen by in lytse groep ynwenners, dy't dêr sels gjin ynfloed op hawwe, fiert de gemeente as beswier op. De gaswinning smyt in soad jild op, mar foar skea fan de bewenners is gjin fergoeding regele. De gemeente fynt dat it gebiet dêr't de gaswinning is, der sels ek better fan wurde moat. Sels as de winning definityf ophâldt, is der gjin garânsje dat der gjin negative gefolgen wêze kinne.
Yn 1985 waard by Aldlemmer yn de gemeente Weststellngwerf gas fûn en yn 1993 waard it earste gas út de grûn helle. Sûnt it jier 2014 leit de winning stil. Vermilion wol no wer fierdergean, troch skean de boarjen yn de gemeente De Fryske Marren nei Aldlemmer dat yn Weststellingwerf leit. De feitlike gaswinning fynt plak ûnder it grûngebiet fan De Fryske Marren,