MSC Zoe ferlear op twa plakken konteners: boppe It Amelân en Borkum

De konteners dy't de MSC Zoe begjin dit jier boppe de Waadeilannen ferlear, binne op twa ferskate plakken oerboard slein. Dat konkludearret de Onderzoeksraad voor Veiligheid yn in tuskentiidse rapportaazje oer de kontenerramp.
© Onderzoeksraad voor Veiligheid
De ûndersyksried hat fêststelle kinnen wêr't en hoe let oft it skip de lading presys ferlern hat. It earste plak wie noardlik fan de Nederlânske Waadeilannen. Wêr presys, is noch ûndúdlik. Wol stiet fêst dat de bemanning op 1 jannewaris om 23.00 oere ûntdekt dat der konteners oerboard leine. Dat wiene 297. In pear oeren letter, om 1.34 oere nachts, ferlear de MSC Zoe boppe Borkom nochris 45 konteners.
De lokaasjes dêr't MSC Zoe konteners ferlear:
© Onderzoeksraad voor Veiligheid/RTV Noord
Der binne dus 342 konteners yn see bedarre. Mar der rekken ek konteners skansearre, dy't wol op it dek stean bleaune. Yn totaal giet it om goed tûzen - 1047 om krekt te wêzen - konteners dy't skansearre binne en oerboard sloegen, konkludearret de ûndersyksried.

Skommeljend skip

De MSC Zoe ferfierde 8062 konteners. It skip wie ûnderweis fan de Portugeeske stêd Sines nei Bremerhaven. Boppe de Nederlânske Waadeilannen krige de bemanning te krijen mei stoarmeftich waar. De wynkrêft wie tusken 8 en 10 Beaufort. It skip begûn te 'roljen', wêrtroch't de lading ynstabyl waard.
Nei't it by Borkum foar de twadde kear misgie, besleat de kapitein de koers oan te passen, om de skommeljende bewegingen fan it skip te beheinen. Boppedat waard de snelheid ferlege nei seis knopen, sawat 11 kilometer yn 'e oere.

Oarsaak noch ûndúdlik

De presise tadracht fan de kontenerramp moat noch achterhelle wurde. De Onderzoeksraad voor Veiligheid konsintrearret him op de rûte dy't de MSC Zoe ôflein hat. Dêrby is de help ynskeakele fan eksperts fan Deltares en MARIN. Sy moatte in antwurd jaan op de fraach wat de ynfloed west hat fan de kombinaasje fan swier waar en de ûndjippe fargeul.
© ANP
De Dútske Bundesstelle für Seeunfalluntersuchung (BSU) rjochtet him op it 'gedrach' fan it skip. Wittenskippers fan de universiteit fan Hamburg besykje te achterheljen hoe't it skip presys op de weagen lei, doe't de lading begûn te skowen.
Omdat it skip fart ûnder de flagge fan Panama, binne ek de Panameeske autoriteiten by it ûndersyk belutsen. Sy dogge ûndersyk nei wat him krekt oan board fan de Zoe ôfspile hat.

De kontenerramp mei de MSC Zoe

Yn de nacht van 1 op 2 jannewaris dit jier ferlear it kontenerskip MSC Zoe 342 konteners, doe't it boppe de Waadeilannen fear. In part fan de lading spielde oan op de eilannen en it fêstelân fan Fryslân en Grinslân. De rest bedarre op de seeboaiem. Sjoch foar mear nijs oer de kontenerramp op ús dossierpagina.