Patyna slút lokaasje Noflik Wenje yn Oentsjerk

12 des 2019 - 15:05

Noflik Wenje yn Oentsjerk giet op 1 jannewaris 2021 definityf ticht. Noflik Wenje is in wenfoarm foar minsken dy't demint binne. Soarchgroep Patyna stelt dat it iepen hâlden fan de lokaasje net mear mooglik is. Dêrfoar sitte der te min minsken. No binne it der tsien, om goede soarch biede te kinnen hawwe je tusken de 25 en 30 bewenners nedich.

Foto: Omrop Fryslân

In belangegroep fan de bewenners hat noed oer de foarnommen sluting. Personiel, fertsjintwurdigers fan de kliïnten en frijwilligers binne benaud dat it fêststellen fan in slutingsdatum gefolgen hat foar it funksjonearjen fan de lokaasje. Benammen om't se tinke dat Noflik Wenje al foar de foarnommen slutingsdatum leechblet is.

De belangegroep wol dat de wenfoarm folslein oernaam wurdt, en behâlden bliuwt foar de Trynwâlden. Neffens Patyna is dat net mooglik. Yn oparbeidzjen mei oare soarchoanbieders yn de regio wurdt no socht nei in goeie oplossing foar de kliïnten dy't noch by Noflik Wenje wenje.

Trefwurden: 
Patyna Oentsjerk Noflik Wenje
(advertinsje)
(advertinsje)