Mac-Intosch werom yn de basis by Cambuur: "Mooi om tegen je oude club te spelen"

13 des 2019 - 18:02

Der stiet in wichtige wike op it programma foar SC Cambuur mei twa kompetysjewedstriden en ien bekerduel. Te begjinnen mei de wedstriid tsjin Jong Ajax fan freed. Dat is de nûmer twa fan de earste difyzje. Mei it each dêrop is der goed nijs: Calvin Mac-Intosch komt werom yn de basis.

De rentree fan Mac-Intosch betsjut dat Kellian van der Kaap op de bank sit. Dat is de iennige wiziging dy't trainer Henk de Jong trochfiert. Mar der is wol mear goed nijs út de sikeboech. Jarchinio Antonia trainde fan 'e wike wer mei en kin freed ynfalle. Sven Nieuwpoort slút nije wike wer oan.

Dêr stiet tsjinoer dat reservekeeper Pieter Bos troch in ljiskblessuere it duel mei Jong Ajax misse moat. Alex Bangura is in twivelgefal. De Jong sjocht de kommende wike as de wike fan de wierheid: "Ja, dat fyn ik wol. Ik fyn it twa hiel belangrike wedstriden."

De kompetysje, dêr giet alles om.

Trainer Henk de Jong

De Jong doelt mei de 'twa hiele belangrike wedstriden' op de duels mei Jong Ajax en Excelsior, mar fansels wachtet Feyenoord tongersdei foar de beker ek noch. Mar: "Dat is leuk, dat is in aardichheid en dêr geane we alles oan dwaan. Mar it giet om de kompetysje. Dêr steane we hartstikke goed foar, mar dêr mei Feyenoord gjin ynfloed op ha. De kompetysje, dêr giet alles om", seit de trainer fan de Ljouwerters.

Dat Mac-Intosch werom is yn de basis tsjin Jong Ajax betsjut dat er it opnimme sil tsjin de klup dêr't er de hiele jeugdoplieding trochrûn. "Dat is altijd heel mooi om tegen de club te spelen waar je vandaan komt, of het nou Jong Ajax is of het eerste."

"Aan de hand van de doelpunten die ze maken en de uitslagen zie je wel dat ze aanvallend voetbal spelen", seit Mac-Intosch oer de tsjinstanner fan freed. "We moeten van onszelf uitgaan en dan denk ik dat we een goed resultaat kunnen halen", seit de ferdigener, dy't ek noch net oan it bekerduel mei Feyenoord tinkt. "De competitie is waar we ons nu op focussen."

Foto: Orange Pictures

Der is freedtejûn by Omrop Fryslân in ekstra sportprogramma op de radio. Njonken it duel tusken SC Cambuur en Jong Ajax, wêrfan't ferslachjouwer Andor Faber kommentaar docht, spilet nammentlik SC Hearrenfean ek. Sy spylje thús tsjin Willem ll en út it Abe Lenstra Stadion jout ferslachjouwer Arjen de Boer it kommentaar.

In wiidweidige gearfetting fan SC Cambuur tsjin Jong Ajax is sneon yn it Cambuur Sjoernaal te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)