Motoragint brekt earm nei oanriding tsjin auto yn Nij Beets

In plysjeman op 'e motor hat tongersdei de earm brutsen nei in ûngelok yn Nij Beets. Hy kaam yn oanriding mei in persoane-auto.
© De Vries Media
De automobilist hie de motoragint oer de holle sjoen doe't er ôfsloech. De plysjeman woe him krekt ynhelje. Troch de oanriding skode de motor in pear meter troch.
De ferwûne plysjeman hoegde net mei de ambulânse nei it sikehûs, mar hat de earm dus wol brutsen.