Europarlemintariër Huitema wol gjin 'grien idealisme' mar pragmatisme

De Europeeske Green Deal sil allinnich wurkje as de Europeeske polityk wurket oan in breed draachflak op basis fan realisme en sûn boereferstân. Dat seit VVD-Europarlemintariër Jan Huitema oer de nije presintearre Europeeske Green Deal fan kommissaris Frans Timmermans.
Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De doelstelling fan dy Green Deal is ambisjeus. It is de bedoeling dat Europa oer tritich jier it earste klimaatneutrale kontinint fan de wrâld wurdt. Om dat te berikken moat ús ferfier, ús gebouwen, ús yndustry én ús lânbou allegearre folle duorsumer wurde as no.

'Pragmatisme, gjin idealisme'

Huitema sit yn de miljeukommisje fan it Europeesk Parlemint en hat dus direkt te krijen mei dizze nije plannen. Der moat in breed draachflak wêze, seit er. "We moatte it dwaan mei pragmatisme, net mei it 'griene idealisme'. It moat ferstannich. De maatregels moatte basearre wêze op de wittenskip en effekt hawwe." Huitema wol ek dat de plannen banen opsmite.
As it plan is om in kearnsintrale yn Nederlân te pleatsen, dan bin ik dêr net op tsjin.
Jan Huitema, VVD-Europarlemintariër
De VVD'er wol kearnenerzjy en CO2-opslach net útslute. Huitema is bygelyks net tsjin in eventuele kearnsintrale yn Nederlân. "Mar we moatte it folle breder pakke: mei België, Frankryk en oare lannen yn de Europeeske Uny. Mar as it wol it plan is om in kearnsintrale yn Nederlân te pleatsen, dan bin ik dêr net op tsjin."

Wichtichste doelstelling nije Europeeske Kommisje

Wat is it belang fan de Green Deal? "It giet om de wichtichste doelstelling fan de nije Europeeske Kommisje fan Ursula von der Leyen", seit Omrop Fryslân-ferslachjouwer Onno Falkena. "De doelstellingen lige der net om: Europa moat klimaatneutraal wurde. Dat wurdt fêstlein yn in aparte klimaatwet mei strange útstjitdoelstellingen. As dy wet oannaam wurdt, sitte alle lidsteaten - dus ek Nederlân, mar ek Poalen en Tsjechië om in pear te neamen - deroan fêst."
Dat is net it iennige: "Alle sektoaren fan de ekonomy moatte hjir de kommende tiid nei ta wurkje. It giet dan om de ferfiersektor, de enerzjybedriuwen en de lânbou, mar ek om de yndustryen as gemy, de tekstylyndustry en de ICT-sektor."
European Commission President Ursula Von der Leyen © ANP

260 miljard

It moat ek betelle wurde. Dêrfoar wol de Europeeske Kommisje oardel persint frijmeitsje fan wat we mei ús allen fertsjinje. "It giet dan om 260 miljard euro oan ynvestearringen", seit Falkena. "Dat is fansels in gigantysk bedrach. It betsjut dat fan de kommende langetermynbegrutting fan Europa sa'n 25% bestege wurde moat oan it klimaat. Dat sil nedich wêze ek, want bedriuwen en seker ek de earmere boargers fan Europa hawwe jild nedich foar dy needsaaklike enerzjytransysje."
Ek boeren kinne net sûnder stipe Europa. Fan harren freget Europa om duorsumer te wurden, seit Huitema: "We kinne allinnich wat oan klimaatferoaring dwaan, as we draachflak hawwe. Oars slagget it net. As in boer him ynset om der wat foar te dwaan, dan moatte je de regels sa meitsje dat it kin. En der moat in beleanning tsjinoer stean. Mar ik moat earlik sizze: dat hat Timmermans ek wol troch."
Boeren wolle graach duorsumer buorkje, neffens Huitema. "Mar der moat wol wat tsjinoer stean. Dogge je mear, dan krije je ek mear."
Jan Huitema oer de Green Deal

Ferliking mei lâning op 'e moanne

Ursula von der Leyen brûkte grutte wurden by de presintaasje fan de Green Deal. Se ferlike it mei 'de earste man op de moanne'. De measte partijen yn Europa stypje de plannen, allinnich de populistyske partijen net. Dy brede stipe is wichtich, leit Falkena út: "Want de sosjaaldemokraten fan Timmermans en de kristendemokraten fan Von der Leyen hawwe tegearre gjin mearderheid mear yn Europa. Mar ek de Grienen én de liberalen steane derefter."
Jan Huitema fûn de presintaasje fan de Green Deal in bysûnder momint: "As je no tinke dat it net slagget, dan slagget it noait. It moat wol. Mei de techniken fan no rêde we it miskien net, dêrom moatte we ek ynsette op ûndersyk en ynnovaasje. As alle lannen hjirmei dwaande binne, dan komme we in hiel ein."
De VVD'er hat der fertrouwen yn dat sawat alle lannen meidogge: "Dit is in gamechanger. Hast elkenien wit dat we wat oan klimaatferoaring dwaan moatte. En nije technologyen smite ek nije banen op. Lannen, minsken en in protte bedriuwen steane derefter. Dat jout echt hoop."
As Sina yn 'e takomst noch produkten yn Europa ferkeapje wol, dan moatte dy ek oan de klimaatdoelstellingen foldwaan.
Ferslachjouwer Onno Falkena

Ek ôfspraken mei Sina

Europa wol klimaatferoaring net allinnich oanpakke, mar wol ek besykje om der ôfspraken oer te meitsjen mei ekonomyske partners lykas Sina. Falkena: "As Sina yn 'e takomst noch produkten yn Europa ferkeapje wol, dan moatte ek dy produkten oan de klimaatdoelstellingen foldwaan. Oars moat Sina der ekstra heffingen oer betelje."
Der sit noch in Frysk rantsje oan de Green Deal: Frans Timmermans hat Diederik Samsom, de âld-partijlieder fan de Partij van de Arbeid mei Fryske roots, oanlutsen as syn topadviseur op miljeugebiet.
Onno Falkena oer de Green Deal