Kollum: "Superdom"

12 des 2019 - 08:30

"As Friezen sizze we gau 'doch mar gewoan'. Dat wol ik no net sizze, want ik wol it ha oer in jonge dy't gewoan net gewoan is.

Foto: Omrop Fryslân

De kollum fan Botte Jellema

Laurent Simons is in jonge fan njoggen dy't supertûk is. Hy begûn op syn sechde al oan 'e middelbere skoalle en studearre sûnt in jier oan de Technische Universiteit yn Eindhoven de bachelor Electrical Engineering. Syn heit, Alexander Simons, komt gauris op yn 'e media, om te fertellen oer syn soantsje. Tiisdei fertelde hy by Pauw dat Laurent ophâldt by de TU. Want it doel wie dat Laurent foar syn tsiende jierdei, en dat is op 26 desimber, syn bachelor helje soe, en dat wie neffens de TU net helber. En no sil er nei in 'topuniversiteit in de VS'.

Nettsjinsteande dat Laurent deistige begelieding hie fan in heechlearaar, gie it de heit net nei it sin. Dêrom regele er ferline wike in parsekonferinsje, mei as bedoeling de situaasje yn alle transparânsje te besprekken, sa sei de heit. Oft de TU dêr even opdraven komme woe. De TU hat hjir net oan meiwurke. Yn de Volkskrant seit in wurdfierder fan de TU dat se oerfallen waarden troch de parsekonferinsje fan de heit, dy't it dochs trochgean liet en dêryn dosinten fan de oplieding beskuldige fan pestgedrach en fan 'rotte appels'.

Heit Alexander krige de fraach oft safolle media-oandacht wol goed is foar in bern fan njoggen. De heit seit dan: "Als een kind heel goed kan voetballen, dan vinden we al die media-aandacht prima. Mijn zoon heeft een ander talent. Waarom zou hij daar niet trots op mogen zijn?"

Nee, wachtsje no even mei oardieljen. Lit my dy reaksje even útplúzje. Earst oer media-oandacht foar in bern fan njoggen dat goed fuotbalje kin - der sjit my no even net in foarbyld yn gedachten fan soks, mar dat kin deroan lizze dat ik neat fan fuotbaljen wit. De oanname dat we sokke oandacht prima fine, giet my wat te fier. Dat liket my nammentlik net.

Dan seit de heit dat syn soan in oar talint hat. Dat kloppet: Laurent is miskien net sa'n fuotballer, mar in tûke tinker. My liket it dat dit net hielendal mei-inoar te fergelykjen is. Foardat in fuotballer yn it Nederlânsk alvetal spylje kin, moat er 21 wêze. Ek al spilest op dyn achtste better as Messi, do moatst noch trettjin jier wachtsje oant datst tsjin him spylje kinst. Der binne oare kompetysjes foar jongerein. En dat giet ek oer dat fuotbal in teamsport is, wêr't mear by sjen komt as yndividueel talint.

Ta beslút freget de heit of supertûke Laurent net gewoan grutsk wêze mei op syn talint. Fansels mei dat. En yn dy fraach leit besletten of de heit fan Laurent ek net grutsk wêze mei. Fansels mei dat ek. Mar de parsekonferinsjes, de konfrontaasje mei de Technische Universiteit en de 'transfer' nei in noch ûnbekende topuniversiteit yn de Verenigde Staten, docht it der dochs mear op lykjen dat it hjir om nochal wat prestaasjedruk giet. En om heit sels.

Sjoch, ja, hjir oardielje ik al. Mar ik ha yn it ôfrûne jier in briljant boek lêzen oer it waansinnige libben fan Michael Jackson. Dy't op syn fiifde al op alle poadia fan it Noardeasten fan 'e VS stie. Dy't in heit hie dy't him ophitste en him oeral yn 'e spotlights treaun hat. Dy't him sloech as er net prestearre. Dy't op syn njoggende 'I Want You Back', 'ABC' en 'I'll Be There' song, nûmer 1 hits yn 'e Billboard Hot 100.

En in man dy't him dêrnei in libben lang beklage oer hoe't syn jeugd him ûntnommen is. Dy't himsels no noch in jeugd jaan woe troch in kompleet pretpark te bouwen. Troch jonge bern om him hinne te sammeljen, as tritich- en fjirtichjierrich man. En yn de dokumintêre 'Leaving Neverland' hearden we dit jier wat hy allegearre noch mear die mei jonge jonges.

Foar heechyntelliginte bern moat goeie begelieding wêze. It is miskien ien fan 'e dreechste taken dêr'tst foar stean kinst as heit en mem. Do bist op in fierstente gau momint net mear in gelike petearpartner foar dyn bern, om't se dy, harren omjouwing en harren leararen foarby stribje. En nee, ik ken Laurent en Alexander net, en Michael Jackson hie in hiel oar talint. Mar lit ik it sa sizze, as Fries. Fan in ôfstân besjoen soe de heit wolris superdom wêze kinne."

(advertinsje)
(advertinsje)