It Fryske Gea sjocht heil yn grut tafelpetear oer stikstof mei alle belutsenen

12 des 2019 - 12:35

Nederlân hat in stikstofprobleem. En der kin pas serieus oer praat wurde as alle partijen erkenne wolle dat dit probleem der yndie is. Dat seit direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea nei oanlieding fan petearen dy't ferskate natuerbeskermers hiene mei minister-president Rutte en lânbouminister Schouten op it Catshuis.

Foto: Elske van der Kooi

Neffens De Vries binne de petearen yn earste opset noch net hiel bot konkreet wurden. "De regearfertsjinwurdigers hawwe fansels ferlet fan sinjalen út it fjild sels: wat spilet der no, hoe sjogge minsken der tsjinoan, en wat soene oplossingen wêze kinne."

Teloarstelling oer dit earste petear is der lykwols net, benammen om't yn it foar al ferwachte waard dat der net in soad útkomme soe. Njonken de natuerorganisaasjes hawwe nammentlik ek fertsjintwurdigers fan de lânbou, transport en de bousektor op besite west foar petearen. Ek by dizze gearkomsten wie de reaksje itselde: in goeie sfear mar konkreet is it net wurden.

Der wurdt hjir en dêr bagatalisearre, oft it wol sa slim is mei de natuer.

Henk de Vries, It Fryske Gea

Op de lange termyn sjocht De Vries wol heil yn mear petearen: "In folgjende stap soe wêze kinne dat it regear seit dat alle sektoaren mei-inoar om tafel sitte moatte, want wy hawwe mei-inoar in probleem."

Dochs hat sa'n petear noch wol wat fuotten yn de ierde, benammen om't guon belutsenen net tinke dat der in probleem is: "Der wurdt hjir en dêr bagatellisearre", seit De Vries, doelend op ûnder oare Farmers Defence Force. Dy partij soe neffens De Vries earst wat breder sjen moatte as allinnich de lânbou, foar't se by in grutter petear wêze kinne. "Se binne no noch sa bot rjochte op aksjes, en op boeren. Dat liket my net in goeie ynstek."

Harkje nei in petear mei Henk de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)