Waadfûns stekt 13 miljoen yn bettere fiskmigraasje

12 des 2019 - 12:05

It Waadfûns wol de fiskmigraasje tusken de Waadsee en it binnenwetter ferbetterje. Dêrfoar jout it fûns sa'n 13 miljoen euro út. De fiskstân yn de Waadsee is te leech en de fisken binne der te lyts. De fisktrek is fersteurd troch diken, slûzen en gemalen.

Dêrtroch kinne fisken mar dreech marren, beken en rivieren berikke. Op dy plakken krije se gewoanwei lytskes. No't se dy plakken minder goed berikke kinne, ha trekkende fisksoarten as de seeforel, de iel en de glêsiel it dreech yn it Waadgebiet.

Makliker nei it binnenwetter

Mei it jild fan it Waadfûns komme der ûnder oare mear en bettere passaazjes foar de fisken. Op it stuit wurde by Lauwerseach en yn de Ofslútdyk al saken oanpakt om derfoar te soargen dat fisken makliker nei it binnenwetter fan Fryslân en Grinslân en de Iselmar kinne.

Glêsiel - Foto: Wikimedia Commons / Uwe Kils

It programma wurdt yn de gaten holden om te sjen hoe goed oft de ynvestearringen wurkje. Fierder wurdt der ûndersyk dien nei oergongen fan sâlt wetter nei swiet wetter. Sa moatte de systemen foar fiskmigraasje yn de takomst better wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)