COC Fryslân en KNVB pakke diskriminaasje yn amateurfuotbal oan

COC Fryslân en de KNVB komme op 30 jannewaris mei in plan fan oanpak om de diskriminaasje fan seksuele en genderdiversiteit yn it Fryske amateurfuotbal tsjin te gean.
Op dit stuit doart leafst 25 persint fan de Fryske fuotballers net foar har homoseksualiteit út te kommen, út eangst dat dat net akseptearre wurde sil. Anne de Groot, direkteur fan COC Fryslân fertelde dat woansdei by IepenUP live, dat alle oandacht hie foar diskriminaasje yn it fuotbal.
Op 31 jannewaris sil de KNVB dan de offisjele plannen presintearje dy't misledigingen op en rûnom it fuotbalfjild tenei foarkomme moatte. Dêrby leit de fokus benammen op it betelle fuotbal yn Nederlân.

Ien op ien begeliede

Foarsitter Cees Roozemond fan SC Hearrenfean wie daliks entûsjast oer it inisjatyf. Ek hy fûn dat der daliks maatregels nommen wurde moatte. Roozemond tinkt dêrby net allinne oan kamera's dy't supporters dy't har misdrage registrearje kinne. Hy wol fans en fuotballers dy't kleurde spilers misledigje ien op ien begeliede om it wangedrach oan te pakken.
De offisjele presintaasje fan COC Fryslân yn gearwurking mei de KNVB, GGD, Tûmba en BV Sport wurdt op 30 jannewaris holden yn it Cambuurstadion yn oanwêzigens fan ûnder oaren Foppe de Haan en Sipke Jan Bousema.

Takom wike: it libbensliet

IepenUP live hat nije wike woansdei 18 desimber in spesjale Krystshow, wêryn't it libbensliet sintraal stiet. Op freed 20 desimber is der in ekstra útstjoering fan IepenUP live wêryn't de prizen fan de Fryske Pop Awards 2019 bekend makke wurde.
IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.