Boeren negearje ultimatum supermerken: Krystaksjes gean troch

12 des 2019 - 11:27

Lilke boeren dy't feriene binne yn de Farmers Defence Force, negearje it ultimatum fan de supermerkbranche. Dit betsjut dat de oankundige aksjes fan takom wike foarearst trochgean. De supermerken wolle dit foarkomme, en stappe no nei de rjochter.

De boeren hiene oant tongersdeitemoarn 10 oere krigen om fan de aksjes ôf te sjen. "We hebben niet gereageerd", seit foarsitter Mark van den Oever fan Farmers Defence Force tsjin RTL Z. "De acties gaan zeker door", seit hy. Ek seit de organisaasje klear te wêzen foar de gong nei de rjochter.

It Centraal Bureau Levensmiddelenhandel, hat befêstige dat der no in koart pleit komme sil om de aksjes te ferbieden.

De aksje fan de Noard-Hollânske en Fryske boeren op de Ofslútdyk - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)
(advertinsje)