Koart pleit oer stikstofsifers RIVM tsjinnet freed

It Mesdag Zuivelfonds en de organisaasje stikstofclaim ha in koart pleit oanspand tsjin de Steat oer de sifers oer stikstofútstjit. It koart pleit tsjinnet freed yn Den Haag.
Boeren protestearren yn oktober by it RIVM © ANP
Beide organisaasjes wolle iepenheid en transparânsje oer hoe't it RIVM de útstjit berekkenet. It RIVM en it kabinet ha altyd sein dat de sifers en de rekkenmetoades iepenbier binne en foar elk yn te sjen. Mar it Mesdagfûns bestriidt dat.
It Mesdag Zuivelfonds is in soarte tinktank foar de melkfeehâlderij. De stifting stikstofclaim wol skeafergoeding foar bedriuwen dy't sizze dat se skea ha troch it stikstofbelied fan de oerheid. De Fryske politika en boere-aksjefierder Nynke Koopmans is ien fan de oprjochters en bestjoerders fan de stifting stikstofclaim.