Smellingerlân ynvestearret njoggen ton ekstra yn ekonomy

De gemeente Smellingerlân wol de kommende trije jier njoggen ton ekstra yn de lokale ekonomy stekke. It jild is bedoeld foar ynvestearrings yn de arbeidsmerk, de soarchekonomy en technyk.
© Pexels.com
De gemeente hopet en ferwachtet dat lokale ûndernimmers, bedriuwen en it ûnderwiis de finansjele ympuls brûke sille om ek sels jild yn de regio te stekken. It is de bedoeling om mei dit ekstra jild de ekonomy takomstbestindich te meitsjen.
Konkreet wol de gemeente jild jaan oan de organisaasje fan in kongres mei it tema High Tech Industry, Citymarketing en nije technyske produksjeromtes. Ek moat der in Economic Board komme, dêr't ambassadeurs út it bedriuwslibben en it ûnderwiis yn plaknimme.