Polityk mist fisy by rêdingsplan Fryske Akademy

De measte politike partijen yn Provinsjale Steaten stypje it útstel fan deputearre Avine Fokkens om de Fryske Akademy ekstra jild te jaan. Mar yn ruil wolle se wol witte wat der mei dat jild bart en wat de fisy fan it wittenskiplik ynstitút is op de takomst.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Dat die woansdeitejûn bliken by de kommisjegearkomste oer de Fryske Akademy. It ynstitút sit yn finansjeel swier waar. It hat alle jierren te krijen mei tonnen ferlies, der binne te min wittenskippers en ek de kwaliteit fan de ûndersiken is ûnder de maat.
Deputearre Fokkens hat in plan presintearre om njonken de 1,2 miljoen dy't de Fryske Akademy alle jierren al krijt nochris fiif jier lang 200 tûzen euro ekstra te beteljen. Ek krijt de Fryske Akademy ien kear 350 tûzen euro om in reorganisaasje troch te fieren.
Deputearre Avine Fokkens:
Polityk mist fisy by rêdingsplan Fryske Akademy
In troch de provinsje ynstelde Taskforce fynt dy bedraggen te min. Dy wol fiif jier lang 500 tûzen euro en ien kear 500 tûzen euro foar de reorganisaasje. Provinsjale Steaten nimme woansdei 18 desimber in beslút oer finansjele stipe oan de Fryske Akademy.
Steatelid Albert van Dijk fan Forum voor Democratie:
Albert van Dijk