Wa is syn hynders kwyt yn De Westereen?

De plysje is driuwend op syk nei de eigener fan fjouwer hynders. De bisten waarden yn de nacht fan woansdei op tongersdei fûn yn De Westereen.
De hynders waarden oantroffen op de Roazeloane, nei't der in melding kaam wie fan losrinnende bisten op de Oasterwei. Mei help fan wat "handige handjes" fan twa omstanners koene de bisten fongen wurde, en nei in feilich plak brocht wurde.
De plysje siket no nei de eigener fan de hynders. Dy wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje Noardeast-Fryslân.