Grutte aksje om Ljouwerter wol yn Fryslân te hâlden

12 des 2019 - 07:48

De wol fan de keppel skiep yn Ljouwert ferdwynt al jierren nei Sina. Spitich, fine de minsken fan Pleed, in ienmalich frijwilligersprojekt. Want we kinne sels ek in soad dwaan mei de wol fan de 240 Ljouwerter skiep, fine de frijwilligers fan Pleed.

Grutte Fryske Skieppekuier - Foto: Omrop Fryslân

"Het was voor ons een grote schok om te horen dat de wol naar China gaat", fertelt Johanna van Benthem fan Pleed. De keunstner hearde it nijs oer de Sineeske wol oan it begjin fan it jier. "Het was net op het moment dat MSC Zoe honderden containers had verloren. Wij dachten 'wij krijgen alle rotzooi uit China, en het mooie spul geven we voor niets weg'." En dus waard der aksje ûndernaam.

Spinne

De wol is in jefte fan de hoeder, mar it moat fansels wol earst bewurke wurde foar't it geskikt is om mei te breidzjen. "We hebben hiervoor oproepen gedaan, en er zijn veel mensen gekomen die de vacht wilden spinnen." It docht bliken dat der noch in grutte groep minsken yn Fryslân is dy't it âlde ambacht behearsket. "We hebben nu ook jongere mensen die het kunnen, of die het opnieuw leren."

Der is safolle animo foar it spinnen dat der takom jier yn it noarden fan Fryslân sels in nije spinnerij oprjochte wurdt.

De wol dy't no klear is om fierder bewurke te wurden sil tongersdeitejûn oerlange wurde oan breiders, hakers, en oare nifelers. "Die kunnen dan aan het werk!" It is de bedoeling dat der yn maaie in grutte steapel pleeds en tekkens klear is.

Johanna van Benthem fan Pleed

Trefwurden: 
Ljouwert skiep wol Pleed
(advertinsje)
(advertinsje)