Wat fynt de jongerein fan it wenningprobleem yn Hylpen?

12 des 2019 - 06:22

De stêd Hylpen is populêr om in twadde wenning yn te keapjen. Dêrnjonken wurde der ek wenten ferhierd foar rekreatyf gebrûk. De gemeente Súdwest-Fryslân leit dêrom no mooglik twangsommen op oan alve wenningeigeners yn Hylpen, waard woansdei bekend.

Hylpen - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Foar de jongerein fan Hylpen is it wichtich dat Hylpen leefber bliuwt en it gjin spûkstêd wurdt. Ferslachjouwer Willem de Vries gie mei stedsjonges Ids Venema en Dirk Blom yn petear. Sy binne fan Stichting Leefberens Jeugd Hylpen.

Wat is jimme doel?

"Wy sykje hjir in betelbere wenromte yn Hylpen. Wy wolle Hylpen yn de takomst ek noch leefber hâlde, dat net de helte fan Hylpen leech stiet bygelyks. It is in frij grut probleem en it spilet al jierren. Fan pleatslik belang út is der yn 2007 in kommisje oprjochte om dit oan te pakken. En doe wiene der noch lang net safolle huzen as no. Dus it is wol in grutter wurdend probleem. No docht de gemeente der lang om let wat mei, al is it op ús inisjatyf en dat fan de aksjegroep."

Is der gjin wenromte foar jimme te finen?

"Der is gewoan net folle betelbere wenromte foar jongerein. It is ek dreger om in liening by in bank te krijen. Wy sykje hierwenten, mar dy binne der net in soad yn Hylpen en de súdwestregio. De wenningstichting lûkt him werom. Dus it wurdt hieltyd minder. De prognoazes foar de takomst pakke ek negatyf út foar út. De situaasje wurdt net better."

Binne der ek útwykmooglikheden?

"Warkum is noch in groeiende kearn, dêr wurdt wol yn ynvestearre. Dat is ek wol skande, want wy steane wat yn it skaad fan sa'n plak. En Boalsert en Snits fansels. Yn Hylpen binne de nijste wenten fan 2012, mar dat is om't der in wyk platsmiten is en dêr wer nije huzen op boud binne. Dêr steane ek de measte hierwenten. Mar dêr sitte ek de sosjale gefallen yn, dy krije foarrang om't sy gjin hûs fine kinne. Dus foar ús is it dreech."

Is de gemeente net te let?

"It hat hiel lang duorre, wy binne der wiis mei dat sy it no oanpakke. Wy hoopje ek dat sy it trochsette. Wy hawwe ek mei in hantekeninge-aksje troch Hylpen west en 70 persint fan de húshâldens hawwe tekene, dus de Hylpers binne der ek net bliid mei dat der safolle rekreaasje en twadde wenningen yn Hylpen binne."

Om hoefolle wenten giet it?

"Op de list fan de aksjegroep steane dochs sa'n 25 oant 30 wenten, en dan giet it echt oer de âlde kearn. As jo yn ien hûs al twa minsken hâlde kinne, dat skeelt al safolle. Der moatte ek mear huzen by. Want de measte minsken bliuwe op it plak dêr't sy sitte. Mar wy moatte ek in plak hawwe. Der binne plannen, al is it noch net konkreet."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei de jongerein yn Hylpen

Hylpen - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
Trefwurden: 
jongerein Hylpen wenromte
(advertinsje)
(advertinsje)