Haven Urk fan tafel troch stikstofútstjit op Rottige Meente en Brandemar

11 des 2019 - 21:14

De Ried fan Steat hat it plan fan de provinsje Flevolân om bûtendyks in haven by Urk oan te lizzen, foarearst oan de kant skood. Dat om't it in soad stikstof opsmite soe yn de Natura2000-gebieten Rottige Meente en Brandemar. Dat jildt ek foar de Weerribben-Wieden. De proseduere wie oanspand troch de IJsselmeervereniging.

Urk - Foto: ANP

It gie om in haven fan 22 bunder. Flevolân en de ûndernimmers fan Urk sjogge graach dat der wól in haven komt, om't it goed wêze soe foar de ekonomy en de wurkgelegenheid.

(advertinsje)
(advertinsje)