Messen wurde slipe: supermerkbrânsj driget mei koart pleit tsjin boeren

11 des 2019 - 21:30

De supermerkbrânsj en de boeren komme hieltyd mear tsjinoer inoar te stean. It Centraal Bureau Levensmiddelenhandel (CBL) driget mei in koart pleit of in beslachlizzing as Farmers Defence Force (FDF) de oankundige aksje net foar tongersdei 10.00 oere ôfblaast. FDF is dêr net wiis mei en fynt dat 'de supermarktgiganten die al jaren parasiteren op de boeren' harren oer de mûle slaan.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De supermerkbrânsj wol net dat de boeren distribúsjesintra of winkels blokkearje kommende woansdei. As sy dat wól dogge, wol it CBL harren dus oanspraaklik stelle foar de skea. Dat makke advokaat Richard de Haan bekend.

Brief fan FDF

It Farmers Defence Force skriuwt dat it CBL, "waar extreem hoge marges worden gerealiseerd ten koste van de boeren en van de consumenten" harren dêrom bedriget. Yn in brief stiet: "Hoe lang accepteren wij dit nog als boeren? Dat de mensen die het meest profiteren van - en parasiteren op onze inspanningen, zich een dergelijke omgang tot voeren aanmeten?"

Neffens de boeren kiest it buro foar agresje. De opstelling fan it CBL is net proporsjoneel, fine sy. "In feite zou je de leden van CBL moeten boycotten om het in deze mate bedreigen van de Nederlandse boeren," skriuwt it bestjoer fan FDF.

Driigje, yndoktrinearje, yntimidearje

"Wy hawwe yn in reaksje sein dat dit faak de wize is wêrop't sy mei boeren omgeane: driigje, yndoktrinearje, yntimidearje. De minsken fan it CBL dogge allegearre útspraken, wylst wy noch neat nei bûten brocht hawwe. Dat dogge wy net om't it allinne mar ûnrêst jout. Alles wat je wol sizze wurdt út syn ferbân weihelle. Dêrom hawwe wy der foar keazen om oant takom wike neat te sizzen," jout Sieta van Keimpema oan fan it Farmers Defence Force út.

CBL-direkteur Marc Jansen en Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force

(advertinsje)
(advertinsje)