FIDEO: IepenUP Live oer diskriminaasje by it fuotbal

Doe't der oerwâldlûden makke en Swarte Pyt-ferskes songen waarden doe't spiler Ahmad Mendes Moreira fan Excelsior de bal hie tsjin FC Den Bosch, waard noch mar ris pynlik dúdlik dat rasisme noch hieltyd in probleem is yn it fuotbal. De KNVB sil de striid oan tsjin diskriminaasje, mar hoe moatte se dat oanpakke? En wêr leit de oarsaak? Dat en mear yn dizze útstjoering fan IepenUP Live.
Te gast binne ûnder oare Cees Roozemond, algemien direkteur fan SC Hearrenfean en Fiona Harmsen, kultuersosjolooch. Harmsen sil in kolleezje jaan oer rasisme yn it fuotbal. Ek sil in delegaasje fan Drachtster Boys fertelle oer harren oanpak fan rasisme en komt der in petear mei it COC en ien dy't ûnderfining hat mei diskriminaasje.
IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.