PietCast #22: oer de oerstap fan Piet, en komme der wite krystdagen?

11 des 2019 - 19:41

"Hoe koe dat no útlekke, man?" Dat wie fraach 1 fan Wim Brons oan Piet Paulusma, en sa hawwe wy it yn dizze PietCast no. 22 benammen oer de oerstap fan Piet nei Omroep MAX. En in hiel lyts bytsje oer de winter. Is it te myld? "Nee," seit Piet, "En it wurdt wat kâlder", mar garânsjes op wite krystdagen komme der net fan Piet. Stay tuned foar wer in kertierke prima waar- en mediapraat yn dit stasjonêre legedrukgebiet op ynternet: de podcast mei Piet Paulusma!

De PietCast is te finen op iTunes en Spotify. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. En mear oer it waar stiet op Omropfryslan.nl/waar.

(advertinsje)
(advertinsje)