Ajax, Maarten en Duncan Laurence: hjir ha Friezen yn 2019 op googele

12 des 2019 - 12:15

Friezen hawwe dit jier op Google in soad socht nei fuotbal, Maarten van der Weijden en de Notre Dame. Dy komme werom yn it jieroersjoch fan Google. De sykmasine hat de opfallendste trends yn sykgedrach op in rige set.

Maarten van der Weijden nei syn Swimalvestêdetocht - Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

Ajax stiet ûnder Friezen boppe-oan. Dêrby wykt Fryslân net ôf fan de lanlike sykopdrachten. Op twa stiet Eredivisie, folge troch Rijmwoordenboek.

Mear fuotbal en polityk

Fierder ha Friezen socht nei it WK fuotbal foar froulju, dêr't Sherida Spitse en Loes Geurts mei har ploechgenoaten de twadde priis pakten. De Stemwijzer foar Fryslân stiet op plak fiif. Yn maart koene we nammentlik stimme foar de Provinsjale Steaten.

Alvestêdeswimmer Maarten van der Weijden, de ôfbrânde tsjerke Notre Dame, Formule 1, songfestivalwinner Duncan Laurence en pianiste Iris Hond, dy't yn it nijs kaam nei in affêre mei Marco Borsato, meitsje de top 10 kompleet.

Top 10

De folsleine top 10:

  1. Ajax
  2. Eredivisie
  3. Rijmwoordenboek
  4. WK Voetbal Vrouwen
  5. Stemwijzer Friesland
  6. Maarten van der Weijden
  7. Notre Dame
  8. Formule 1
  9. Duncan Laurence
  10. Iris Hond

It giet net om de populêrste sykopdrachten, mar om termen dêr't dit jier opfallend faker nei socht is as oars.

(advertinsje)
(advertinsje)