FIDEO: Spoedmelding by presintaasje nije traumahelikopter

11 des 2019 - 18:58

Kom yn de kunde mei de PH-DOC, de nije traumahelikopter fan it UMCG en de ANWB. Sy komme yn aksje wannear't it nedich is om fluch in dokter by in slachtoffer te krijen. De nije traumahelikopter hat in oar brankaar-systeem en der binne ynfraread lampen om yn it tsjuster better fleane te kinnen. By de parsepresintaasje kaam der ynienen in spoedmelding binnen:

Moandei wurdt de nije helikopter foar it earst brûkt. Dan wurdt ek it âlde eksimplaar út de loft helle.

(advertinsje)
(advertinsje)