"Wetterskip wurket yneffisjint, mar leit tagelyk wol taryfsferheging op"

Foarsitter Eke Folkerts fan Agrarische Jongeren Friesland (AJF) is net te sprekken oer de taryfsferhefing fan Wetterskip Fryslân. Sy seit: "Boeren yn it fjild sjogge dat de organisaasje hiel yneffisjint te wurk giet, it liket somtiden net op te kinnen. Dat fielt fansels hiel nuver: dat der by de organisaasje sels kosten noch muoite sparre wurde, mar der oan de oare kant wol in taryfsferheging komt."
Eke Folkerts © Omrop Fryslân, René Koster
Folkerts hie wol hope dat it bestjoer fan Wetterskip Fryslân wat dwaan soe oan de oankundige taryfsferheging. "Ynlûke is miskien wol in soad, al hie dat wol it moaist en it meast earlik west. Mar ferminderje hie wol op syn plak west," jout sy oan. "Wy hâlde hope en wy bliuwe der ek op drukken. Mar je moatte ek realistysk wêze, no't sy it berjocht nei bûten brocht hawwe."

"It is te folle"

Neffens Folkerts stiet it wetter heech oan de lippen: "Der hat in goed petear west mei de 'geborgen' sitten fan de lânbou. Wy hawwe oanjûn dat it sa echt net kin: it is te folle, der moat wat oan dien wurde. Wy hawwe besocht dat by de koälysje ûnder de oandacht te bringen, mar dat is net slagge."

Ferheging binnen de ridlikens

It fielt net oft der begryp is foar de boeren. It soe al oars fiele as net allinne yn it fjild, mar ek de organisaasje sels ek de broeksriem oanhellet, en dan mei in ferheging binnen de ridlikens. Dan dogge je beide wat, as organisaasje en maatskippij."

Balâns tusken aksje en lobby

Folkerts wit net rjocht wat der mei de nije aksjes barre sil. "De aksjes hawwe in goed effekt tink ik. Mar it is wol wichtich om in goede balâns te finen tusken aksje en lobby. Dat je tinke: wannear winne je wat mei in aksje, en wannear is it better yn petear te gean? Mar beide saken binne nedich."
Eke Folkerts fan Agrarische Jongeren Friesland (AJF)