Supermerken roppe boeren op om gjin aksje te fieren

It Centraal Bureau Levensmiddelenhandel, de brânsjorganisaasje foar supermerken, ropt boeren op om de plande protestaksjes net trochgean te litten. De advokaat fan it CBL hat in brief stjoerd nei de Farmers Defence Force. "Pogingen om met bestuursleden van FDF in gesprek te gaan zijn helaas tot op heden op niets uitgelopen."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It buro begrypt de soargen fan de boeren wol hiel goed, sizze se. Mar se meitsje harren wol soargen oer de aksjes dy't Farmers Defence Force oankundige hat.
De aksjegroep wol takom wike woansdei de itensfoarsjenning yn Nederlân fersteure. Hoe't dy aksje der presys útsjocht wol foaroanfrou Sieta van Keimpema trouwens noch net sizze. Mooglik sille se distribúsjesintra blokkearje.

'Gjin partij'

"De supermarkten zijn geen partij in de stikstof- en PFAS-problematiek", seit it CBL. "We staan volledig buiten de discussie." Se wolle dat de oerheid mei in oplossing komt.