Lêste 'De Westereender' fan Johannes van Kammen

11 des 2019 - 16:34

Johannes van Kammen (69 jier), better bekend yn de regio fan de Westereen as it krantemantsje, hâldt op mei de krante De Westereender. Hast 40 jier lang stie hy oan it roer fan it lokale moanneblêd. Tiisdei komt de lêste edysje fan him út.

De krante wurdt oernommen troch Klasina van der Werf, mar Van Kammen bliuwt wol meiwurker en hâldt twa rubriken: de natuerrubryk en syn kollum 'Tijdverspilling'.

"Bysûnder wie it ferhaal dat ik twa jier lyn hâlden ha mei myn soan dy't fotograaf. Hy wie nei de Noardpoal en we ha doe in ferhaal oer miljeu en klimaat hân wêrby't ik as heit myn soan ynterviewd ha", fertelt Johannes van Kammen.

Hy hat yn de rin fan de jierren hiel wat feroaringen meimakke. "Ik begûn mei pinne en papier, letter kaam de typmasine, doe de kompjûter en de stikken gienen op in floppy nei de printer yn Easterwâlde. No drukst op in knop en stjoerst it fuort."

Wat er misse sil kin er no noch net sizze. "Freegje my dat oer in healjier nochris. Dan kin ik it sizze. It is myn bern, dat no op eigen fuotten stean kin, mar ik sil it noait út it each ferlieze."

Johannes van Kammen oer hast 40 jier wurkje foar 'De Westereender'

Johannes van Kammen krige altyd in soad reaksjes op syn natuerrubryk. "Dat giet oer de natuer yn de buert, tichtby, dêr moatte je fan genietsje. Krekt as mei de krante. Ik wol sjen litte dat hjir wol kânsen lizze, as je der mar yn leauwe."

Hy neamt himsels in earlike en oprjochte sjoernalist. "It kontakt mei de minsken sil ik misse. Elke Westereender is wer in nij boek, mei nije ferhalen. Ik nim de krante mei it grêf yn, ik kin it net hielendal loslitte."

Johannes van Kammen oer syn fêste rubriken en de takomst fan de krante

(advertinsje)
(advertinsje)