UPDATE: keukenbrân yn Hallum ûnder kontrôle

11 des 2019 - 16:15

Oan de Juffer Frederikestrjitte yn Hallum wie woansdeitemiddei brân yn in rychjeshûs. Op it stuit dat de brânwacht oankaam, sloegen de flammen út it hûs. Der kaam ek in soad reek frij. De brânwacht hie de brân frij gau ûnder kontrôle.

Foto: Srfotografie

De reekwolken wienen yn de fiere omkriten te sjen en kamen út de foar-en efterkant fan it hûs. De brânwacht wie it hûs yn gien om de brân út te meitsjen. Se hawwe de njonkenlizzende wenten ek kontrolearre om te sjen oft de brân ek oerslein wie. De brânwachten fan Hallum en Stiens wiene op it plak.

Neffens de brânwacht wie de bewenner fan it hûs rap nei it ûntstean fan de brân út de wente flechte.

(advertinsje)
(advertinsje)