FB Oranjewoud komt net mei in nije soarchfersekerder

11 des 2019 - 15:47

Stichting FB Oranjewoud set gjin nije soarchfersekerder op foar ynwenners fan Noard-Nederlân. De stichting hat der oardel jier yntinsyf ûndersyk nei dien, mar seit no dat it finansjeel net út kin.

Foto: FB Oranjewoud

FB Oranjewoud woe in soarchfersekerder oprjochtsje, om de soarch yn Noard-Nederlân tagonklik en betelber te hâlden. Mar nei petearen mei belutsenen is dúdlik wurden dat it hast ûnmooglik is om ta te treden ta de merk fan soarchfersekerders, seit de stichting.

Wol teloarstelling

Walter Monster fan FB Oranjewoud: "Als je anderhalf jaar met een onderzoek bezig bent en blijkt dat het niet kan, dan is dat wel een teleurstelling. Maar dat het niet kan is natuurlijk een van de mogelijke uitkomsten. Het is de afgelopen 15 jaar geen enkele Nederlandse partij gelukt. Enerzijds zijn de regels er niet voor niets. Maar aan de andere kant is het te betreuren dat het nagenoeg onmogelijk is om onder de huidige omstandigheden een maatschappelijk betrokken zorgverzekeraar op te richten."

Net mooglik

Wêrom wie it net mooglik? "De belangrijkste reden dat het niet kan heeft te maken met het kader van regels. Er zijn regels waar je aan moet voldoen als je zo'n avontuur aangaat. Dat is een complex verhaal, maar daar is uitgebreid naar gekeken maar het is niet mogelijk om binnen dat kader de financiering op een goede en verantwoorde manier rond te krijgen."

Walter Monster, wurdfierder fan FB Oranjewoud

(advertinsje)
(advertinsje)