Stadion fan Cambuur is foar it earst yn jierren wer útferkocht

11 des 2019 - 15:34

Foar it earst yn goed 3,5 jier is in thúswedstriid fan SC Cambuur útferkocht. Oare wike tongersdei tsjin Feyenoord sit it Cambuurstadion fol mei 10.500 taskôgers.

Cambuur - Ajax yn 2016: de lêste kear dat it Cambuurstadion fol siet - Foto: www.orange-pictures.nl

Cambuur wie alle kaarten al kwyt en no hat Feyenoord ek alle kaarten foar it útfak ferkocht. De lêste kear dat Cambuur in thúswedstriid hielendal útferkocht wie op 9 april 2016. Doe spilen de Ljouwerters thús tsjin Ajax (0-1), doe noch yn de earedifyzje.

De wedstriid tusken Cambuur en Feyenoord is op tongersdei 19 desimber yn de twadde ronde fan de KNVB Beker.

(advertinsje)
(advertinsje)