Skoalbern ha te lijen fan earmoede; Ljouwerter skoalle giet foarby de foardoar

11 des 2019 - 13:49

Bern dy't yn earmoede libje, hawwe der bot fan te lijen op skoalle. Ljouwert stiet kwa earmoede op nûmer 9 yn Nederlân. Dat betsjut dat ek hjir op skoallen bern mei in lege mage nei skoalle gean. Guon learkrêften yn it basisûnderwiis dogge gjin rûntepetear mear om't it te konfrontearjend wêze soe foar bern út earme húshâldingen. Ek prestearje earme bern minder.

skoalleboerd - Foto: Shutterstock.com

Op de Ljouwerter Franciscusskoalle binne se drok dwaande in earmoedebelied út te fieren en bern meikomme te litten. De skoalle sit yn de wyk Oud Oost.

"Twee derde van onze leerlingen hebben moeite met de situatie waarin ze zitten. Vaak is dat niet alleen armoede, maar is de armoede een onderdeel van meerdere problemen", fertelt Ciska van Aken, direkteur fan de Franciskusskoalle.

"Het aantal kinderen uit een armoedegezin is niet meer geworden, maar we merken wel dat de problematiek hardnekkiger wordt, dat komt door de voorzieningen die steeds minder worden." De skoalle hat dêr belied op. "We omarmen de kinderen zoals ze zijn, elk kind doet er toe, en ouders ook. Onze aanpak, de driehoek onderwijs, opvang en zorg - is daarop ingericht. De leerkrachten geven bijvoorbeeld ook advies en ondersteuning in de opvoeding. We gaan voorbij de voordeur, het houdt niet alleen op bij lesgeven. We zien dat het helpt als je regie op de thuissituatie hebt."

De gemeente is it iens mei dizze oanpak en de skoalle wurket dêryn gear. "We zetten in op preventie en richten ons op kansgelijkheid. Want als er thuis iets mis is, waardoor het kind niet kan leren, dan heb je daar als school een taak in. We leren een kind niet alleen om te lezen, maar ook om een mooi mens te worden."

Direkteur Cisca van Aken

(advertinsje)
(advertinsje)