Gemeente jout wenningeigeners yn Hylpen tik op 'e fingers

De gemeente Súdwest-Fryslân leit mooglik twangsommen op oan alve wenningeigeners yn Hylpen. De eigeners brûke harren huzen yn de stêd as twadde wenning of ferhiere de romte foar rekreatyf gebrûk. Dat is net neffens de regels fan de gemeente.
De Grutte Tsjerke fan Hylpen © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Reden foar de aksje út de gemeente wei binne kontrôles fan tafersjochhâlders. Dy hawwe yn totaal santjin adressen kontrolearre, wêrfan't ek guon binnen it beskerme stedsgesicht binne. Inkelde wenningen binne yn ien jier tiid mear as tweintich kear besocht, neffens wethâlder Mark de Man fan Súdwest-Fryslân.

Yn striid mei bestimmingsplan

Yn alve gefallen wurdt it hûs ferhierd fia populêre ynternetsiden of brûkt as twadde hûs troch de eigeners. Dat is yn striid mei it bestimmingsplan.
De alve wenningeigeners krije dizze wike in brief wêryn't de gemeente oanjout dat sy binnen seis wiken ophâlde moatte mei de ferhier, of it gebrûk as twadde wenning. De gemeente leit foarearst noch gjin sanksjes op, mar as de eigeners neat dogge, kin in eventuele twangsom oprinne oant maksimaal 6.000 euro.

Eksplisyt opnommen yn plan

"Wat het bijzondere is aan het bestemmingsplan in Hindeloopen, is dat daar expliciet in is opgenomen dat recreatief gebruik niet is toegestaan. En we hebben een aantal handhavingsverzoeken gehad als gemeente voor in totaal 42 adressen, waarvan inwoners van mening waren dat ze daarmee in strijd waren. Die adressen hebben we in onderzoek gehad," leit wethâlder Mark de Man út.
Hy seit fierder: "Van de 42 woningen hebben we eerst gekeken wie de belanghebbenden zijn. Van zeven inwoners kwamen handhavingsverzoeken . We hebben 17 adressen daadwerkelijk onderzocht, maar je moet je voorstellen dat we bij een adres soms wel twintig keer zijn wezen kijken wie er aanwezig was. Wat wij hebben vastgesteld is dat er strijdig gebruik plaatsvindt en dan is een vooraankondiging van een dwangsom de geëigende weg. Wij gaan afwegen met de zienswijze van de belanghebbenden wat hun standpunt is."

'Hylpen moat net in spûkstêd wurde'

Ynwenster Willy Amsterdam fan Hylpen is ien fan de bewenners dy't noed hie: "Want op bepaald momint hearre je lûden dat der yn Hylpen wenten ferkocht wurde as twadde wenning, wylst dy eins foar permanint wenjen bedoeld binne. Wy binne bliid dat de gemeente it no serieus nimt. Hylpen moat leefber bliuwe, ek foar de skoalle en de ferieningen. Wy wolle net in spûkstêd wurde."
Wat fine wethâlder De Man en de ynwenners fan Hylpen fan de situaasje?