Bioboeren ferienigje har yn nij oprjochte Boerenraad

11 des 2019 - 16:14

Griene, duorsume boeren hawwe har feriene yn in nije organisaasje Boerenraad. Dy is tiisdeitejûn yn Amsterdam oprjochte, it is in kollektyf fan boeren en oare boargers dy't har mei biodiversiteit dwaande hâlde. Yn Sibrandabuorren hat Bregje Hamelynck har by de Boerenraad oansletten.

De boeren yn dizze ried fine dat der mear omtinken komme mei foar harren gedachten en oplossingen. "Yn Amsterdam wienen ferskate boere-organisaasje by elkoar om te sjen oft it winsklik en mooglik is om mear mei elkoar gear te wurkjen en mei elkoar nei te tinken oer nije foarmen fan lânbou, de saneamde kringlooplânbou. We kinne fan elkoar leare en kennis diele om nije paden te ûndersykjen," fertelt Bregje Hamelynck.

De biologyske boeren wienen net organisearre en net goed fynber en se hoopje dat mei dizze Boerenraad te ferbetterjen. "Sa kinne we ús dúdliker hearre litte." Se docht in oprop oan de ferskate 'stammen' om har oan te sluten. "Sa kinne we mei elkoar ús hearre litte, ek oan de minister, we moatte oan wichtige saken wurkje."

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)