Earste seehûnepup fan dizze winter yn opfang Pieterburen

Seehûnesintrum Pieterburen hat op Flylân de earste wite seehûnepup fan dizze winter opfongen. Nei it stoarmige waar fan de ôfrûne dagen kamen in soad seehûnen mei harren pups op it eilân telâne.
© Zeehondencentrum Pieterburen
In soad fan har hawwe de stoarm net oerlibbe, mar pup Olaf wol. Dizze lytse seehûn sil de kommende tiid opfongen wurde, om't de mem net mear fûn wurde koe.

Pear dagen âld

Yn it seehûnesintrum die bliken dat Olaf noch mar inkelde dagen âld is. Ien fan syn eagen is licht ûntstutsen, mar fierder giet it goed mei de pup.
Der binne dizze dagen noch mear seehûnen op it strân fan Flylân. Opfangsintra en frijwilligersorganisaasjes roppe minsken op ôfstân te hâlden fan de bisten.